In soad bibleteken moatte ticht. Dat lies ik krekt op 'e webside fan de Omrop.
In soad, dat binne der njoggentjin yn de regio Noardwest Fryslân. Dan prate jo oer de gemeenten Harns, Frjentsjerteradiel, Menameradiel, Ljouwerteradiel, It Bilt, Skylge en Flylân. Dat is in hiele lape grûn. En op dy lape wiene oant no ta de bibleteekfoarsjennings hiel aardich. Al wie der in pear jier lyn alris in bêste hap dien út it tal bybs.
No ha de gemeenten in ûndersyk dwaan litten (wat kostje al dy ûndersiken in slompe jild, mar dêr prate wy mar net oer) nei de mooglikheden om ris goed te besunigjen. Dat hâldt yn, dat yn 'e takomst allinnich Harns, Frjentsjer en Sint Anne noch in byb ha. Stiens bygelyks, kin der nei fluitsje. Ik freegje my ôf wat Sint Anne foar hat op Stiens, mar dat leit faaks oan my sels. Ek Dronryp rekket syn byb kwyt. En sa binne der noch santjin plakken, dy 't it yn 'e takomst dwaan moatte mei in lyts bybke yn in skoalle. Fansels moat alles rund wurde troch frijwilligers, want sa wurket it yn dit lân. Jo kinne as frijwilliger rûnom oan 'e bak en sa de maatskippij in knoarre jild besparje.
Mar affijn. Noch minder bibleteken dus. En dat wylst it neffens my just wol aardich goed giet: as ik yn Stiens yn 'e byb kom, en dat is omtrint alle wiken, dan is it der altyd frij drok. Alderein, bern, allochtoan en autochtoan troch elkoar. Boeken binne djoer en wy wolle elk graach oan it lêzen ha. No, dan moat der wat te lêzen bean wurde foar in skaplike priis. Dat kin, want foar de priis fan noch gjin twa nije boeken, bist in jier lid fan 'e bibleteek. Kinst yn Noardwest Fryslân mei ien lidmaatskipskaart yn alle bybs fan 'e regio liene en werom bringe. Ideaal. Sels ast efkes op it eilân bist om út te waaien, kinst noch efkes yn 'e byb oanwippe en in boek liene. Mar dat ferfalt foar in grut part.
Lytse bybkes yn skoaltsjes. Dat wurdt in folle lytser assortiment en op folle minder tiden.
Hoe aardich is dit foar bygelyks de âlderein? It soasjale barren fan in byb (en dat is der oan 'e lêstafel echt), it útstapke om boeken te besjen, efterkanten te lêzen, werom te setten en in oaren te pakken, it is aanst foarby. Wat bliuwt oer: âlderein mei fia ynternet boeken útsykje en dy wurde dan brocht troch, jawis, frijwilligers. Hoe ûnnoazel moat it?
Mei ik in útstel dwaan: yn plakken dêr't bygelyks in âldereinhûs is, rjochtsje dêr in lytse byb yn. Dy skoallen yn 'e doarpen moatte ommers dochs ticht op ridlik koarte termyn? Doch it yn it fersoargingshûs. Mear âlderein kin dan boeken liene en de jeugd en oare minsken kinne dêr ek wol komme. Is noch gesellich ek!
Posts tonen met het label Stiens. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Stiens. Alle posts tonen
vrijdag 8 maart 2013
dinsdag 21 augustus 2012
Ha, we meie hast wer stimme
Noch trije wike minsken, dan is it wer safier. Yn kolonne nei de stemhokjes om wer in hokje yn te kleurjen. En dus wurde wy no al links en rjochts om 'e earen slein mei loaze beloften, hurde wurden, sebeare argewaasje en wit-ik-hoefolle sekuer ynstudearde oneliners.
Foaral dat lêste is moai hopeloas trouwes, want de polityk is dus sa foarspelber, dat de tinktank fan elke willekeurige Haachske búksprekpop de reaksjes op kollega's fan oare partijen al fier fan te foaren betinke kin. Machtich. Soks stel ik my foar as in soarte fan "Loesje-gearkomste", wêrby't se mei elkoar, wapene mei in digitale pen en papier, elkoar opnaaie om sa 'grappich' mogelik út 'e hoeke te kommen. Ik stel my ek foar dat se der in poule by opsette: "hokker útspraak hellet it faakst de media". No ja, it grutte ferskil mei Loesje is, dat dy wól leuk is.
It hurdst moat ik altyd laitsje om dy ferkiezingsretoryk flak fan te foaren. Dizze kear wolle se de langstudearboetes weromdraaie. Dêr ha dyselde partijen noch net sa hiel lang lyn oars flot foar stimd. Lykwols: der moatte stimmen lutsen wurde, al is it allinnich mar om Maurice de Hûn dwaande te hâlden, en dus ropt men no dat it dochs mar net wurde moat mei dy boetes.
De JSF sil ek wol wer oer praat wurde en de Fryske politike kopstikken rinne har nei alle gedachten in blikgat by harren lanlike toppers om der noch wat lokale items troch te jassen. Kin allegearre.
Dêrom hie Jolanda Sop ek wat te fertellen oer de Sintrale Jiske. In dyk fan "Niks naar Nergens". Irona Groeneveld fynt dy dyk ek net moai, mar wist net hoe hurd as se sizze moast dat Dokkum en Drachten fansels mear binne as Niks en Nergens. Och heden, de lêste GrienLinks-kiezer yn ús provinsje soe ek nochris útnaaie kinne.
Ik moat earlik sizze: ik ha neat mei Jolanda en ek neat mei frou Groeneveld. Mar ik bin it wol in bytsje mei se iens: Dy Sintrale Jiske smyt neat op, brekt allinnich mar ôf. It is in prestiizjeprojekt, krekt as dy púndyk dêr't se it lânskip hjir tusken Stiens en Marsum mei fernaggelje. Gau mei ophâlde dus. Hoe sizze je dat ek alwer frou Sop? Oh ja, de stekker der út. Dus. As se dat no foar 8 septimber efkes regelje kinne, dan koe it wolris sa wêze dat ik foar it earst yn myn libben op GrienLinks stim. Och, kwea kin it net, it sil se gjin ekstra sit opsmite.

Abonneren op:
Posts (Atom)