Der binne yn dit lân nochal wat lju dy 't har soargen meitsje oer de huzemerk. Dat binne fansels de lju dy 't harren klinte te keap stean ha en al jierren oan 'e strjitstiennen net kwyt kinne. Dat binne de banken dy 't it har in gat yn 'e kop sjogge mei al dy lju mei harren dûbele hypoteeklêsten. Dat binne de makelders dy 't net folle fertsjinje, om't se libje by de graasje fan de k.k.. Dat is it regear, dat hjir in oplossing foar fine moat, mar dy net hat. En dy foarearst ek net krijt, want it probleem is like grut as ienfâldich:
- Yn Nederlân steane op dit stuit in goeie 261.000 huzen te keap (neffens Funda)
- Yn hiel Nederlân binne ferline jier 7805 huzen ferkocht
- Efkesn rekkenje en jo witte dat mar 1 op 'e 33,5 huzen ferkocht is yn 2011
- Yn Fryslân binne ferline jier 272 huzen fan eigner feroare.
- Funda jout gjin sifers per provinsje, mar sjoen it lanlike persintaazje huzen dat ferkocht is, stean der dus yn Fryslân op it heden in 9100 yn 'e etalaazje
- der binne yn 'e trije Noardlike provinsjes 1917 fergunnings ferliend foar nijbou fan in went. Dat ferpartsje wy efkes mei de wiete finger: in grouwe 500 foar Fryslân, litte wy beskieden tinke.
Dizze sifers leare ús dat der, ûndanks it feit dat de lju de huzen sels heal fergees net mear slite kinne, der alle jierren fleurich by boud wurdt. En net te sunich. Soks moat ophalde: jo bouwe foar leechstân.
Fierder moatte der mear húshâldens komme, want der binne dúdlik mear huzen as húshâldens. Dus de starters byspringe, dy moatte makliker oan in hûs komme kinne. De ferkeappriis fan huzen dy't yn'e gûnetiid kocht binne, meie net heger wêze as wat se destiids koste ha. Dat betsjut dat de eigner oars gjin winst byskriuwe kin as dat bedrach dat er ôflost hat, mar dat is dan net oars. In legere priis jout mear minsken de kâns om in hûs te keapjen.
Binne der dan noch net genôch húshâldens om alle lege huzen te besetten, dan moatte de skiedingen ek noch subsidiearre wurde. Of de abbekaats- en rjochtbankkosten moatte omleech, want dy lju hoege gjin trije bankjes yn 'e oere. Opfretters. Allinnichsteande heiten as memmen falle dan wer yn 'e startersregeling. Legere hypoteekrinte foar de earste fiif jier en in lege huzepriis. Lit se mar wenje yn 'e huzen dy 't der binne: nijbou is dúdlik net nedich.
En is der dan noch wurk foar de boubedriuwen? Grif, dy âlde klinten moatte opknapt wurde.
Sa, dat wie myn bydrage oan 'e lanlike polityk foar hjoed. Ik jou my del.