Hjir by it boarterstúntsje stiet in fyts. Fannacht ek en fannemoarn noch. In moaie Batavus Weekend, griis-blauwe mânljusfyts. Acht fersnellings, kocht by Klaver yn Sint Jabik. Op 't slot. Licht skansearre , dat ding is dúdlik fallen, of wat dan ek, mar fierder liket de fyts noch suver nij. Hjir komme wolris heiten mei bern te boartsjen, mar dy binne nea op 'e fyts en seker net op in fyts sûnder sitsje. Koartom, dy fyts heart dêr net. En it soe my gjin nij dwaan as dy fyts wol earne oars heart te wêzen, mar dêr dus op ûnferklearbere wize wei rekke en yn Bitgum bedarre is. Dus doch ik myn boargerplicht en besykje yn kontakt te kommen mei de plysje fan Sint Anne, dêr 't wy ûnder falle, as Bitgumers.
It frommeske dat op 'e meldkeamer sit, ferstiet my net. Se begrypt net wat ik wol. Yn it Nederlânsk werhelje ik myn fraach om trochferbûn te wurden mei it buro fan Sint Anne. Wat in gelok dat ik as Fries beide rykstalen wól machtich bin.
It minske is net samar fan doel my troch te ferbinen: se wol witte wêrom 't ik harren tiid besykje te ferdwaan. Ik fertel fan de fyts en dat dy dêr net thúsheart. It frommeske begjint oer de gemeente en dat ik dy skilje moat as ik in 'gevonden voorwerp' ha. Ik lis it nochris út, want blykber ferstiet se net allinnich gjin Frysk, it begripen fan it Nederlânsk falt ek ôf. Dat ik sis opnij dat dy fyts mooglik as stellen opjûn is by de plysje en dat, mocht dat it gefal wêze, it karke hjir te finen is.
Oh. Se begjint it te begripen. Mar stiet dy fyts dan fertocht opsteld? Nee, hy stiet gewoan tsjin it stek. Dus hy leit net yn 'e boskjes of sa? Nee, hy stiet gewoan tsjin it stek. En stiet er ek op 't slot? Ja, hy stiet op 't slot. "Mevrouw, dan doet de politie er niks mee en de gemeente ook niet".
Oh. No begjin ik te twiveljen oan myn eigen taalbegryp. "Dus, mevrouw, als ik het goed begrijp kan ik rustig een fiets jatten voor permanent of tijdelijk gebruik, als ik hem daarna maar op slot zet, zodat ik hem op een later tijdstip op kan halen"?
It minske ûntploft hast, se fynt dat net in aardige suggestje fan my. Gelokkich hat se kommunikaasjetrening hant en blaft se: "Die conclusie trekt u nu wel, maar is absoluut niet juist".
Ik stap fan skrik wer oer op myn memmetaal. "Mar jim dogge der ek gjin kloaten mei". Hea, dat begrypt se fuort ynienen. "Mevrouw, inderdaad, een niet verdacht opgestelde fiets, die op slot staat, daar doen wij niets mee".
"De gemeente dus ek net"?
"Nee mevrouw, pas als er bij ons aangifte wordt gedaan van vermissing dan wel diefstal, maken wij er werk van".
"Mar dan witte jim dus net dat ik dat ding hjir al lang stean sjoen ha".
"Mevrouw, ik versta geen Fries, maar ik ga ervan uit dat u begrijpt dat wij niets voor u kunnen doen".
"Ik begrijp het volkomen, in dit geval hoeft u mij ook niet door te verbinden naar Sint Annaparochie. Ik zal de fiets weghalen en hem op marktplaats zetten, dankuwel".
En doe ha ik de tillefoan mar del lein.
Posts tonen met het label plysje. Alle posts tonen

donderdag 26 september 2013
zaterdag 1 januari 2011
Tige behearskber
Lokkich nijjier, lok en seine, alles wat winsklik is, de bêste winsken foar it nije jier, wy ha it allegearre al moai wat kearen oanhearre moatten, dat fuort dan mar, ik winskje dy ek alles watst my tawinskest foar 2011.
In behearskbere nacht, sei de plysje Fryslân foar de radio. Om je de bûsen út te skuorren: in poging ta nij Frysk fan de Omroepers? Nachten binne altyd te behearskjen. Dagen, wiken, moannen, jierren, alles is 'behearskber'. Der binne mar in hiel pear saken dy't wy yn it libben net behearskje: ús sels, ús meiminsken op dizze ierdkloat, de tiid en it lot. Al is dat lêste meastentiids net mear as in ferhipt lullige kombinaasje fan dy earste trije. Mar goed, om't de plysje ús, ús meiminsken en de tiid net behearskje kin, behearskje se dat iene wat se neffens eigen sizzen dan al kinne: de nacht. Moai foar harren.
Yn ús provinsje 59 fjoerwurkslachtoffers (yn alle gefallen 60, want ik ha buorfrou fannacht in pear knappe blierren besoarge mei myn romeinske kears, dy't omkneppele en doe op har begong te sjitten, mar buorfrou koe it ôf mei in pear iisblokjes en in kâld fleske bier, dat se hat har net by de earste help sjen litten en is dêrom ek net meiteld). Affijn, ferline jier wiene der mar 10. Dit jier dus 50 mear, dy lieten har net behearskje dus. De brantsjestokerij wie oars aardich beheind, mei om't der rûnom feesten hâlden waarden. Ek yn Bitgum. De brânbult wie oars mânsk genôch, mar om't der healwei Bitgum en de útbuorren in tinte opboud wie, dy't oerrûn fan bier, wiene der amper minsken op'e lap en al hielendal gjin jeugd. Sadwaande kaam ik fannacht mei de buorlju, it ien en oar oan brânber guod en in protte lokwinsken foar elk dy't wy treffe soene, by dy brânbult oan: út! Gjin waarmte, gjin geknetter, gjin oanbaarnde hinnen by Lolke Jan, gjin tuteraasje mei oansketten doarpsgenoaten en ek net as in heale soal yn'e rûnte springe, om't ien as oare kloat in sek fol fjoerpylken yn it brantsje keilt. Koartom, de geselligens wie dêr wêr't wy net wiene: in lytse kilometer fierderop. En dat wie tige behearskber, dat se hiene fan ús ek neat gjin ferlet.
No ja, de buorlju hiene wol wat te drinken oer en ik hie by wer oare buorlju al knap foarút boarnd, dat mei in pear minsken noch hiel aardich sitten en trije oere op'e koai. Dat hie ek wol in lyts kertier earder kind, mar nei dy wûndere kombinaasje fan reade wyn, port en sjampanje koe ik it kaaisgat fan'e foardoar net fine. Ik ha in moai skoft stean te knoffeljen en bin doe dochs mar efterom gien: dy doar siet ommers los?
Koartom, ek myn nacht wie behearskber, al hie'k mysels wol wat better behearskje mocht, dan hie dy skommel yn myn mage der no net sitten. Net te behearskjen dat ding.
Mar och, wat ha'k hjoed al in wille. Ien dei yn 2011 en ik ha myn moaiste wurd al fûn. Mei tank oan'e plysje en fansels ús geweldige Fryskpraters en -skriuwers fan'e Omroep. Behearskber, myn reet. Siz dan gewoan dat der op in pear brantsjes en wat brânblierren nei net in klap te rêden wie.
Tsjoch op 2011!

Abonneren op:
Posts (Atom)