Posts tonen met het label Frysk. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Frysk. Alle posts tonen

maandag 14 april 2014

Horror

Kommende freed ha wy de Fryske Horrortour yn Bitgum. Yn Ons Huis om krekt te wêzen.
Ik ha dêr in hiel soad sin oan en mei my ek noch wol party oaren.
De Horrortour is fan útjouwerij Regaad yn Grins en wy krije in jûn fol mei grouwgriizjende ferhalen, bloedstjurjende muzyk en mooglik ek noch wol it ien en oar oan wille.
Fansels moat der foar sa 'n jûn wat reklame makke wurde. Wat mear minsken as der komme, wat better. Net allinnich foar de minsken efter de bar (Daam de Vries en ik, sei de gek), mar foaral ek foar de mannen fan Regaad, dy 't graach harren 'De Skacht en de Slinger', fan Edgar Allan Poe, oan 'e man/frou bringe wolle. Sadwaande kaam der by my ferline wike in doaske binnen mei posters en flyers. De posters hie ik samar rûnbrocht: yn alle doarpen hjir omhinne ien en dan mar hoopje dat men it lêst, want litte wy earlik wêze: in poster ophingje by in supermerk, dat betsjut safolle as heal weiwurde tusken de oare rotsoai. No is dy poster fan de Horrortour aardich grut en boppedat springt er der er goed út, mei al dy bloedtrochweakke letters. Ik ha ek mar ien by de slachter yn Marsum brocht. Dy fûn him wakker moai.
Mar doe wie it oan 'e flyers ta. Ik hie betocht dat bybleteken dêr wol gaadlik foar wienen. Dêr tochten se lykwols by dy bybs wat oars oer. "Mevrouw, wij doen hier niet aan commerciële dingen. Dit is niet in de buurt en het is niet gratis, bovendien is het geen initiatief van de bibiotheek zelf, dus willen wij hier ook geen flyers hebben".
Neidat ik de broek wer fan 'e ankels helle hie, ha 'k de brot mar wer meinommen. Ik sil leau'k fannemiddei mar efkes hûs oan hûs hjir troch de buorren.

maandag 2 december 2013

Fryske Marren

Der ha koartby ferkiezingswest yn 'e gemeente dy 't no de namme De Fryske Marren krijt.
De FNP, útsoarte yn dy hoeke altyd al knap fertsjintwurdige, kaam as grutste partij út 'e bus, it CDA kaam der efteroan.
Tagelyk mei dy ferkiezings wie der in referindum oer de namme fan de nije gemeente. Dy gemeente hie as wurktitel De Friese Meren meikrigen, mar by it referindum koe men mar kieze.
De útslach wie sawat samsam. 42,4% koe wol libje mei De Friese Meren. 41,6% hie leaver De Fryske Marren. Dat wie fansels geweldich nijs foar alle Frysk-haters, want wat koene se dy FNP no fijn in hak sette: "Een ruime meerderheid kiest voor het Nederlands", raasde de Ljouwerter. Jawis.
De FNP wie lykwols formateur en hie as hurde eask de Fryske namme en dy kaam der ek. It CDA gie troch de bocht en och, och, it is fansels net bêst. Hiele ynstjoerde stikken yn 'e Ljouwerter, oer dy rottige Friezen dy 't har sin trochdrukke. En oh ja, it soe ek nochris 400.000 euro kostje, dat smoarge Frysk.
Mei ik efkes de feiten dan wat nuanseare, sadat jo ek witte wêr 't je oer prate:

  1. Dy romme mearderheid foar it De Friese Meren is der net, dat wurdt jim sa foarspegele, omt 42,4 no ien kear mear is as 41,6. Wat blinder: dat is gjin 100% mei elkoar. Och hea, sjogge jim dat? Nee minsken, der wiene noch wat mear kiezers. In lytse 5% wie blanko, dat dy telden net mei. Bliuwt der 95% oer, dat noch altyd 11 prosint op 'e kletter. Dy 11 prosint makke in kar út "geen voorkeur"(3,5%) en Eigen Suggestie (8,3%). By dy eigen suggestje waarden Fryske nammen neamd, lykas Sudergoa en Marrenlân. Koartom, elk dy 't mient dat de meerderheid fan 'e minsken negeard wurdt mei it Frysk, dy sjocht it net helder.
  2. "Het Fries wordt doorgedrukt", raast immen. Nee dus, men hie it Hollânsk graach trochdrukke wollen, mar dat slagge net. As jo punt ien ris nei rekkenje, is 41,6% foar De Friese Meren en 54,4% net. Mei wat goeie wil kinst fan de 3,5% neutraal stimmers sizze dat se ek like goed foar De Friese Meren kieze kinnen hiene, dan wurdt it 45 om 50%, altyd noch yn it neidiel fan De Friese Meren. De mearderheid fan 'e befolking wurdt dus hielendal net negeard, sa as in briefskriuwer yn 'e LC ús fertelle wol.
  3. "Er wordt ruim 400.000 gemakzuchtig over de balk gesmeten". Wer sa 'n leagen út Hollânsktalige hoeke. Leave minsken: de nije gemeente moast in nije namme ha. In nije namme kostet jild. Blykber 400.000 euro. Dat hie it ek koste as it de Hollânske namme bleaun wie. Guon lju wiene nochal wat foar de muzyk út, dy gongen der fanút dat de wurktitel ek de definitive namme wurde soe en dus hie men al ien en oar oan ark mei de namme "Friese Meren" oanrukke litten. Dat is dom. Jo stjoere dochs ek gjin bertekaartsje fan in lytse Nynke, as it berntsje noch berne wurde moat en dus ek likegoed in Tjebbe wêze kin? 
  4. Ynternasjonaal wurkjende bedriuwen soene neidiel ha fan de Nederlânske namme. Jim miene dus searieus dat se jo frachtwein yn Spanje fuortendaliks teplak bringe kinne as der Friese Meren op stiet,  en gjin Fryske Marren? Ûnsin. Witte jim sels ek. Elk lân syn taal. Wy dus ek. Der is noch nea in Nederlanner stroffele oer Bartlehiem. Wylst dat plak ivich syn Fryske namme hâlden hat. Lullich, no?
Ik soe graach sjen dat de kranten, en bynammen de LC hat der in hantsje fan de sitewaasje wat iensidich te beljochtsjen, de boel ris goed del setten. Se lústerje nei in razende politikus fan in ferliezende partij, rûke in skandaal en batse der fuort op yn. Dêrmei sette se lêzers op 'e ferkearde foet. It is dochs gjin propagandakrantsje?


donderdag 26 september 2013

Fyts kwyt? Skilje my!

Hjir by it boarterstúntsje stiet in fyts. Fannacht ek en fannemoarn noch. In moaie Batavus Weekend, griis-blauwe mânljusfyts. Acht fersnellings, kocht by Klaver yn Sint Jabik. Op 't slot. Licht skansearre , dat ding is dúdlik fallen, of wat dan ek, mar fierder liket de fyts noch suver nij. Hjir komme wolris heiten mei bern te boartsjen, mar dy binne nea op 'e fyts en seker net op in fyts sûnder sitsje. Koartom, dy fyts heart dêr net. En it soe my gjin nij dwaan as dy fyts wol earne oars heart te wêzen, mar dêr dus op ûnferklearbere wize wei rekke en yn Bitgum bedarre is. Dus doch ik myn boargerplicht en besykje yn kontakt te kommen mei de plysje fan Sint Anne, dêr 't wy ûnder falle, as Bitgumers.
It frommeske dat op 'e meldkeamer sit, ferstiet my net. Se begrypt net wat ik wol. Yn it Nederlânsk werhelje ik myn fraach om trochferbûn te wurden mei it buro fan Sint Anne. Wat in gelok dat ik as Fries beide rykstalen wól machtich bin.
It minske is net samar fan doel my troch te ferbinen: se wol witte wêrom 't ik harren tiid besykje te ferdwaan. Ik fertel fan de fyts en dat dy dêr net thúsheart. It frommeske begjint oer de gemeente en dat ik dy skilje moat as ik in 'gevonden voorwerp' ha. Ik lis it nochris út, want blykber ferstiet se net allinnich gjin Frysk, it begripen fan it Nederlânsk falt ek ôf. Dat ik sis opnij dat dy fyts mooglik as stellen opjûn is by de plysje en dat, mocht dat it gefal wêze, it karke hjir te finen is.
Oh. Se begjint it te begripen. Mar stiet dy fyts dan fertocht opsteld? Nee, hy stiet gewoan tsjin it stek. Dus hy leit net yn 'e boskjes of sa? Nee, hy stiet gewoan tsjin it stek. En stiet er ek op 't slot? Ja, hy stiet op 't slot. "Mevrouw, dan doet de politie er niks mee en de gemeente ook niet".
Oh. No begjin ik te twiveljen oan myn eigen taalbegryp. "Dus, mevrouw, als ik het goed begrijp kan ik rustig een fiets jatten voor permanent of tijdelijk gebruik, als ik hem daarna maar op slot zet, zodat ik hem op een later tijdstip op kan halen"?
It minske ûntploft hast, se fynt dat net in aardige suggestje fan my. Gelokkich hat se kommunikaasjetrening hant en blaft se: "Die conclusie trekt u nu wel, maar is absoluut niet juist".
Ik stap fan skrik wer oer op myn memmetaal. "Mar jim dogge der ek gjin kloaten mei". Hea, dat begrypt se fuort ynienen. "Mevrouw, inderdaad, een niet verdacht opgestelde fiets, die op slot staat, daar doen wij niets mee".
"De gemeente dus ek net"?
"Nee mevrouw, pas als er bij ons aangifte wordt gedaan van vermissing dan wel diefstal, maken wij er werk van".
"Mar dan witte jim dus net dat ik dat ding hjir al lang stean sjoen ha".
"Mevrouw, ik versta geen Fries, maar ik ga ervan uit dat u begrijpt dat wij niets voor u kunnen doen".
"Ik begrijp het volkomen, in dit geval hoeft u mij ook niet door te verbinden naar Sint Annaparochie. Ik zal de fiets weghalen en hem op marktplaats zetten, dankuwel".
En doe ha ik de tillefoan mar del lein.

zaterdag 27 oktober 2012

Viva Rink!

Ik wit suver hast net mear wêr en op wa ik reageare moat as it giet om prizen foar skriuwers en harren wurk.
Obe, Fedde, Rink, Gysbert, Rely, elts hat der in miening oer en elts wol de priis dy't hy of sy sels wûn hat leafst behâlde. Want as 'jo' priis ferdwynt: wat is de betsjutting der noch fan dat jo dy priis ea wûn ha? Koartom, wat is de wearde noch fan jo wurk? Oan't safier dit earste part.
Safolle prizen, safolle mienings. Ien ding is wis: der is gjin harses dy't wol dat der prizen ferdwine en leafst ek net dat dy in 'oar oansjen' krije. No lykwols lies ik op Facebook in diskusje oer de Rink. Dêr waard troch guon sa fûl op reageard, dat ik der hast fan skrok. Gelokkich is it mei wat grapkjagerij oer en wer yn de jamske fâden beslein, mar de fleur wie der al efkes út.
Ik ha ek in miening oer Rink en op it gefaar ôf dat ik de diskusje nochris nij libben yn blaas, jou ik dochs efkes lûd.
Earst mar efkes oer de status. As de status ôflêzen wurde moat oan it formaat fan de oerheid(t of oermem) dy't de priis oanbiedt, tsja, dan moat Rink it ôlizze tsjin Obe en Fedde. It giet om provinsje tsjin gemeente, yn dit gefal. Boppedat wurdt de priis stipe troch mar ien útjouwer. Fan it rychje priiswinners komme twa boeken fan in oare útjouwer as de Friese Pers. Dat komt de 'status' fan de priis by oare skriuwers (fan bûten de FP) miskien net ten goede. Faaks is der ek wat kinnesinne by.
En dan noch in swier punt, sa as ik dat de ôfrûne jierren preaun ha út de diskusjes: it wurd 'Folksskriuwer' is hast in flokwurd wurden. Lykas in folkssjonger assosjeard wurdt mei tokkies, wenweinen, aso's en simpele sielen, in folksbuert mei it selde slach minsken útsein de wenweinbewenners, sa wurdt in folksskriuwer wat mei in skean each besjoen as soe er net alhiel folweardich skriuwer wêze. Want, en dat is ek fuort myn grutte skurft oan it wurd literatuer/literêr, in boek dat sels yn de ûnderste lagen (ja, echt, sa wurdt it betiden sein) fan de befolking in tophit is, dat kin noait mear wêze as pulp. Dat mei it predikaat literatuer net drage. Literatuer is ferheffend, djipdollend, dreech, min te begripen, sûnder kop of sturt, mar wol mei prachtige wurden. Teminsten, sa ha ik it altyd sjoen en sa wurdt it ek leafst wat brocht troch literêre fernuften dy't har op har útsûnderlike kwaliteiten foarstean litte.
Lit ik wol wêze: Frysk is in prachtige taal, mei in wurdeskat sa ast dy hast nearne fynst. Sa ryk, sa rynsk, sa útwrydsk, sa sjongsum, dat fynst nearne. Mar tagelyk rau en rûch, bonkich en hurd, mar sa streekrjocht jins siele ynkringend. Dat is Frysk minsken. En dat Frysk, dat is faaks wol wat folks. De persoanaazjes miskien ek wol. Folks: dêrmei kinne jo jo identifisearje. Dat soe oer josels gean kinne.
Immen dy't op dy wize in boek skriuwe kin, dat jo dat gefoel besoarget, dat is in ferteller fan de boppeste planke. Dy fertsjinnet net allinich in priis fan Smellingerlân en de FPB, al hoe sear ik harren ynspanning wurdearje, want se dogge teminsten WAT, sa'n skriuwer of skriuwster fertsjinnet in priis dy't troch de hiele Fryske mienskip droegen wurdt. Provinsjebreed, troch alle útjouwers, lêzers en media. Sa. Dat fyn ik fan Rink.
En wat dy oare prizen oanbelanget: bynammen de Obe is ien dy't unyk is. Dy't oare boeken beëaget as al dy oare prizen. Nammentlik oersettings. Dat wurk moat dien wurde, dy priis moat bliuwe. Dat soene se by DS begripe moatte. Wêrom oars de muoite nimme bygelyks om in Gysbertboek oer te setten yn it Nederlânsk?
De Fedde soest oer prate kinne. Dy soe op in oare wize stâl jûn wurde kinne, al bliuw ik fan miening dat stipe fan de provinsje nedich bliuwt, al is it allinnich mar om 't it Frysk in lytse taal is dy't alle stipe fan boppenôf nedich hat.
En no sil ik myn harnas sykje, want dat koe nei dit stik wolris nedich wêze.

donderdag 5 april 2012

Ramsj

It giet min mei de boekhannels. Goh, âld nijs fansels. Mar no en dan falt it ekstra op. Fannewike wie ik yn Ljouwert om in boekje oer grêfpoëzy te besetten. By De Tille hiene se it net. Koene it ek net bestelle. Ik ha dêr in skoftsje yn'e winkel omdoarme en al dy tiid mar ien oare klant sjoen.
Dan mar nei de Nijstêd, by Van der Velde del. Dy winkel is noch wat grutter, faaks ek wat mear karút. Hjir wie ik hielendal allinnich. It boekje wie der net, mar koe besteld wurde en ik ha it no yn'e hûs, mar dat is efkes bysaak yn dit ferhaal.

Ik rûn by de tafels del, by de Fryske boeken, de thrillers, de 'safolstedrukmarselykjewolnij'boeken, de berneboeken, de literatuer (wêrmei't mar wer dúdlik is dat in thriller al drekt by de lektuer heart en dus útsoarte fan minder alloai is as de litewêwe wurken). Alles withoe djoer. De prizen binne echt net om'e nocht. Tweintich euro binne jo samar kwyt. Útsein de thrillers dy't foar de safolste kear drukt binne, dy dogge dan 12,50. Litte wy wol wêze; dat is noch altyd sânentweintich-en-in-heale âlderwetske gûnen. Ik hie tsien jier lyn net tinke kinnen, dat ik safolle útjaan soe oan in pocket. Berneboeken idem dito. Net te bestuiverjen. Ik mei graach in aardich boek kado dwaan as der in bern fan freonen of famylje jierdei is. Mar de brune kin it net mear lûke.

Ynienen wist ik wêrom 't ik hielendal allinnich yn dy winkel wie. It is ommers krisis. En it lidmaatskip fan 'e byb is mar in tritich euro yn it jier. Jo jouwe gjin tweintich euro foar ien boek, as jo it hiele jier mar raak liene kinne foar in tsientsje mear.

Minsken binne ek lui. Wolle net nei de winkel ride of rinne, mar wolle it boek thúsbrocht krije. Der is in ynternetwinkel dy't dêr goed saken mei docht. De boekwinkel fan Franke Atsma yn Burgum is yn aksje kommen. Bestelle by de eigen boekhannel, wat blinder, dat is it plak. De Burgumers wolle him wol yn 'e mjitte komme, mar dochs, minsken binne lui: wat je ha wolle moat op je ta fleanen komme, dêr wol men almeast net mear om rinne.
De sutelaksje is fuort. Spitich, want hoewol it sprekwurd oars seit, wurdt der oan'e doar meast wol aardich kocht. Yn'e winkel moat it ek oars. Lit de kartelhûn der mar ris op los en donderje dy fêste boekepriis oerboard. No sil ik hjir en dêr wol op in pear gefoelige teannen traapje, mar ik tink dat it wichtich is dat der boeken ferkocht wurde. Leaver twa boeken fan in tsientsje it stik, as ien fan tweintich euro. Of om myn part trije fan sân-fyftich. Dan komme de boeken wêr't se hearre: by de minsken thús.
Sutelje mar wer. Lit de priis mar sakje, gean letterlik de merk op. Of doch as Ferdinand de Jong. Mar doch wat, want wat skriuwer skriuwt no foar it depot fan 'e útjouwer?
Oh ja, ik ha thús noch planken fol mei thrillers, fan in grut ferskaat oan skriuwers. Ik ha der de folle mep foar betelle, mar dy't se ha wol jout mar lûd. Ramsj.

woensdag 5 januari 2011

Better soe wêze...

Taal is dynamysk, sa is my altyd leard. Minsken feroarje en harren taal feroaret mei. It Hollânsk wurdt pimpt mei Ingelske wurden en mei typyske 'puberútdrukkings'. Somtiden hiel aardich om te hearren, mar om't ik al in jier as tweintich gjin puber mear bin, kin ik it betiden mar amper neikomme. As myn âldste 'Fet chill oan it loungen is', bedoelt se dat se ferhipte noflik op har sitsek hinget. Sa fier bin ik al. Gelokkich is myn âldste noch mar sân en hâldt de ferwyldering fan har taalgebrûk dêr ek wol sa'n bytsje op. Mar moai fyn ik it net. Ik bin dan ek grutsk, as de juffer fan skoalle my fertelt dat Gees it hat oer wjukken, wrâld, skonken en reedriden, ynstee fan vleugels, wereld, fuotten en skaatsen. Sy soe sels no noch net misstean yn de earder Taalspegel fan'e Ljouwerter krante. Mar dy taalspegel is ferdwûn. Lyk as it min en geef Frysk fan Gurbe en Loltsje en de taalrubryk fan Rynk de Haan eartiids by Omrop Fryslân.
It soe wat wêze, as dy âlde De Haan no nochris sa'n rubryk hie op ús regionale sinder. Hy soe oeroeren draaie moatte om de meiwurkers op harren flaters te wizen. Want dat wie, wat hy eartiids die: hy pakte in pear útspraken fan de omrop by de kop en fertelde dan wat der mis wie. Steefêst folge dan syn korreksje: "better soe wêze...". Net alle meiwurkers fan de Omrop hiene dêr nocht oan, se fielden har wat te kakken set. It erflike ferlechje wie dan: "taal is no ienris dynamysk en al dy âlderwetske (better soe wêze: âldfrinzige) wurden, dan witte de harkers net mear wêr't wy it oer ha." Apekoal fansels, want as jo dy wurden brûken bliuwe, dan ferjitte de minsken thús wier net wêr't it oer giet. En oars koene se altyd noch wer mei harren fraach terjochte by dyselde Rynk de Haan, dy't dan wol tekst en útlis joech.
Mar affijn, Rynk waard ôfserveard (better soe wêze: ôfskreaun) en de omropmeiwurkers koene wer frij ademhelje (better soe wêze: sykhelje). Dit hat dus fan gefolgen dat wy no mei in generaasje ferslachjouwers sitte, dy't in soadsje meitsje fan tiidwurden (mar dat sille wy no mar litte sitte. Better soe wêze: sitte litte), dy't har gjin rie witte mei gewoan geef Frysk en ús taal al hielendal net skriuwe kinne. In skande, neffens my. Hoe moatte wy ús taal hoedzje en noedzje as ús regionale Omrop ús net ta in foarbyld wêze kin? Is dat net dyselde Omrop dy't slompen subsydzje fret, krekt om't it ek in funksje hat op it mêd fan it Frysk?
Rynk mei om my werom komme. Better soe wêze: Rynk moat werom komme. En oars in oare taalpommerant, dy't de radiolju skerp hâldt, as it giet om it brûken fan it Frysk. Allinnich al dêrfoar soe om my in ekstra subsydzjepotsje oansprutsen meie wurde (better soe wêze: wurden meie).
Taal is dynamysk, dat mei ek sa bliuwe, mar in taal moedwillich nei de knoppen helpe, dat roait igge noch seame! By my op it húske stiet: dy't syn memmetaal fersmyt, is syn djoerste eigen kwyt!

Sa't it sein is.

zondag 12 december 2010

It bloed krûpt

In nije bloch, in nije titel, oare toan, oare ferhalen, optinksels, bespegelingen, selde skriuwer. Sa wurdt it sawat. Fan't simmer sette ik útein mei in bloch yn it Hollânsk. Oars wol aardich, mar it einde net rjocht: twa kear in ferhaaltsje en dat wie it. Net om't ik neat te skriuwen hie, mar om't ik leaver yn myn eigen taal skriuw. Mar goed, ik woe sa graach as freelancer mear oanslach ha en dus liet ik my ferliede en stap fan myn eigen prinsipes ôf. Net it hert folgje, mar it ferstân. Meastentiids ferstannich, mar ek like faak beteart it mis. Sa ek mei myn skriuwerij. As it krijen fan in opdracht ôfhingje moat fan de taal dy't ik brûk op it web, dan mei, hokker opdrachtjouwer dan ek, syn as har wurk om my hâlde. Ik folgje myn hert, skriuw almeast mei it hert. Praat der ek mei: it leit my no ienkear foar op'e tonge. Ek net altyd ferstannich, mar it heart by my.
Dêrom kinne jim my tenei hjir fine. Soms mei in aardich ferhaaltsje, inkeld ris mei reaksje op aktuele saken en no en dan ris mei in oertinking. Yn ús eigen taal, want "wa't syn memmetaal fersmyt, is syn djoerste eigen kwyt." Noch sa'n siske hinget by my op it húske (it hinget dêr fol mei aardige siswizen): As ús te folle Hollânsk oanwaait, dan giet it âlde aard en taal ferlern en wurde wy unfrysk!

Sa't it sein is.

Groetnis,
Martsje