Posts tonen met het label boek. Alle posts tonen
Posts tonen met het label boek. Alle posts tonen

donderdag 5 april 2012

Ramsj

It giet min mei de boekhannels. Goh, âld nijs fansels. Mar no en dan falt it ekstra op. Fannewike wie ik yn Ljouwert om in boekje oer grêfpoëzy te besetten. By De Tille hiene se it net. Koene it ek net bestelle. Ik ha dêr in skoftsje yn'e winkel omdoarme en al dy tiid mar ien oare klant sjoen.
Dan mar nei de Nijstêd, by Van der Velde del. Dy winkel is noch wat grutter, faaks ek wat mear karút. Hjir wie ik hielendal allinnich. It boekje wie der net, mar koe besteld wurde en ik ha it no yn'e hûs, mar dat is efkes bysaak yn dit ferhaal.

Ik rûn by de tafels del, by de Fryske boeken, de thrillers, de 'safolstedrukmarselykjewolnij'boeken, de berneboeken, de literatuer (wêrmei't mar wer dúdlik is dat in thriller al drekt by de lektuer heart en dus útsoarte fan minder alloai is as de litewêwe wurken). Alles withoe djoer. De prizen binne echt net om'e nocht. Tweintich euro binne jo samar kwyt. Útsein de thrillers dy't foar de safolste kear drukt binne, dy dogge dan 12,50. Litte wy wol wêze; dat is noch altyd sânentweintich-en-in-heale âlderwetske gûnen. Ik hie tsien jier lyn net tinke kinnen, dat ik safolle útjaan soe oan in pocket. Berneboeken idem dito. Net te bestuiverjen. Ik mei graach in aardich boek kado dwaan as der in bern fan freonen of famylje jierdei is. Mar de brune kin it net mear lûke.

Ynienen wist ik wêrom 't ik hielendal allinnich yn dy winkel wie. It is ommers krisis. En it lidmaatskip fan 'e byb is mar in tritich euro yn it jier. Jo jouwe gjin tweintich euro foar ien boek, as jo it hiele jier mar raak liene kinne foar in tsientsje mear.

Minsken binne ek lui. Wolle net nei de winkel ride of rinne, mar wolle it boek thúsbrocht krije. Der is in ynternetwinkel dy't dêr goed saken mei docht. De boekwinkel fan Franke Atsma yn Burgum is yn aksje kommen. Bestelle by de eigen boekhannel, wat blinder, dat is it plak. De Burgumers wolle him wol yn 'e mjitte komme, mar dochs, minsken binne lui: wat je ha wolle moat op je ta fleanen komme, dêr wol men almeast net mear om rinne.
De sutelaksje is fuort. Spitich, want hoewol it sprekwurd oars seit, wurdt der oan'e doar meast wol aardich kocht. Yn'e winkel moat it ek oars. Lit de kartelhûn der mar ris op los en donderje dy fêste boekepriis oerboard. No sil ik hjir en dêr wol op in pear gefoelige teannen traapje, mar ik tink dat it wichtich is dat der boeken ferkocht wurde. Leaver twa boeken fan in tsientsje it stik, as ien fan tweintich euro. Of om myn part trije fan sân-fyftich. Dan komme de boeken wêr't se hearre: by de minsken thús.
Sutelje mar wer. Lit de priis mar sakje, gean letterlik de merk op. Of doch as Ferdinand de Jong. Mar doch wat, want wat skriuwer skriuwt no foar it depot fan 'e útjouwer?
Oh ja, ik ha thús noch planken fol mei thrillers, fan in grut ferskaat oan skriuwers. Ik ha der de folle mep foar betelle, mar dy't se ha wol jout mar lûd. Ramsj.

donderdag 21 juli 2011

Dreame fan in boek

It wurk sit der fierhinne op. Trije wike lang switte op in boek oer de Harkemase Boys. Foar dyjingen dy't dat net witte: dat is in fuotbalklup. En net samar ien: it is de tredde klup fan Fryslân. Foar my eins in bytsje de twadde klup, want ik bin fan fan 't Fean en ha neat mei Cambuur. Mar dat is in oar ferhaal, dêr sil ik hjir net oer útwreidzje.
It giet dus om dat boek. De teksten wiene al moai flot klear, mar der woene noch wit hoefolle minsken har ljocht oer skine litte. Dat moat fansels ek, wy kinne ús gjin flaters permiteare, mar dan komme der noch alris wat wizigings binnen. Dat jout my wat ekstra wurk en ús foarmjouster de senuwen.
Mar dan de foto's... Minsken wat in put. De âld-foarsitter fan de Boys kaam mei in pear cd-romkes. Dêr stie noch wol wat op, sei er. Dat kloppe: in goeie 10.000(!) foto's mocht ik trochwrakselje yn myn syktocht nei brûkber materiaal. Dan wie der noch de hoffotograaf fan de klub dy't my de beskikking joech oer syn argyf, in supporter dy't wol wat foar my hie en justerjûn kaam noch Willem Weening (in klup-ikoan fan eartiids en no) mei in pear prachtige swart-wyt foto's fan sa'n fjirtich jier lyn. Dat moast der dus allegearre noch by.
Doe't de skriuwer, de foarmjouster en ik tochten dat wy de brot rûn hiene, kamen der noch trije spilers om'e hoeke: de iene woe syn stik der hielendal út ha, om't er mei stille trom útnaaie woe. De twadde hie in pear lytse wizigingen en de tredde wie net bliid om't er der net posityf genôch út kaam.
Blikstiender en ik mar swetse op twitter dat it sa'n geweldich moai boek wurdt. Wilens stiet it swit my wol op it gebit, dat meie jim wol earlik witte. Ik ha al in pear nachten oan't moai let trochwurke en no is it sels sa fier kommen dat ik der fan dreamd ha. It wie de dei fan de presintaasje fan it boek, 20 augustus oansteande. De baas fan ús útjouwerij stie noflik mei in bierke oan'e bar, mar Radboud (de skriuwer) en ik moasten foar it front. En dat front wie net mislik: in hiele horde oerstjoere Harkemase Boys-supporters, dy't it op gjin stikken en gjin ein iens wiene mei ús boek. Se seagen alderheislikste mâl nei ús en wy waarden wat langer wat bleker om'e noas. Op't lêst gong it oan: se oerleine mei elkoar. "Dy grutte keardel (Radboud dus) kinne wy net ha, mar dat lytse dûbele frommeske (ik dus) wol." En dêr gong it hinne. Mei syn allen op my ta en ik fike der út fansels.
Hoe't it ôfrûn is wit ik net, it stiet my net mear by, mar ik hie it goed benaud. Gelokkich is it boek yntiids klear, op in lyts dinkje hjir en dêr nei, mar moarn giet er de parse op. En it is goedkard troch in pear hiele grutte Boys-fans, dat it sil mei dat wan bruien wol in slach tafalle.
It is dien, myn wurk sit der op. Nuver om dit boek no út hannen te jaan. 17 augustus komt it werom fan de drukker. De 20e wurdt it presinteard op sportpark De Bosk. Noch in pear wykjes geduld.

Martsje de Jong

zondag 19 december 2010

It iene boek is it oare net

Ik mei stomme graach lêze. Boeken, kranten, tydskriften yn alle soarten en maten, by need in roddelblêd, teletekst, ynternet... as der letters op steane is it my al gau goed.
Doe't pake Wybe stoarn wie, yn 1994, krige ik al syn boeken dy't er opgarre hie fan'e KFFB. Allegearre keurich foarsjoen fan in plakkerke: W.R. de Jong, Landbouwer, Pingjum. Oan't dy tiid, ik wie 18, lies ik ek al alles wat los en fêst siet, mar noch net in hiel soad Fryske boeken. Ja, op'e legere skoalle de Fryske Bernekrante en letter kocht ús heit, sels Frysker as Frysk, foar my út'e boekekroade 'Hoe't Harm hûn syn boarter fûn' en 'Jappy en it sûkeladefabryk'. Prachtige boeken, ik ha se noch. Mar fierder kaam my net in soad Fryske literatuur troch de hannen. Dat feroare dus nei it ferstjerren fan pake. Ik wit it noch klear: om't ik in foarkar hie foar seefeart, pakte is as earste ien fan'e Springtij-boeken fan Abe Brouwer. De hiele ramp fan Wierum 1893 friet ik op, as soe der nea wer in letter ta my komme. De oare twa dielen hie'k dan ek gau út. Doe bedarre ik yn A.A. van der Werf: By de wâl del, yn'e berm lâns en op'n paad. Ek al sa moai. Wol tige fyn en dat wie ik, fan hús út grutbrocht yn Doperske tradysje, net wend. Mar ik ferlear my finaal yn'e wrâld fan Fryslân begjin 20e ieuw. Do riedst it al, dy hiele foarrie fan pake gie der yn rap tempo troch. Doe begong ik sels boeken te keapjen, ik hie ommers stúdzjefinansiering? Rink van der Velde, Paulus Akkerman, Hylke Speerstra, Froukje Annema, Riek Landman, net in boek wie feilich. Myn samling tine stadichoan út en sa giet it eins noch. No is der fansels inkeld ek wolris in boek by, dat my net, of minder, oansprekt. Ypk fan der Fear bygelyks, leit my net sa bot. Doete Venema ek net. Anne Wadman fyn ik moai, mar begryp ik net altyd en Trinus Riemersma, dat hat sa syn útfallen, al skriuwt dy man wol hiel moai en moat ik der altyd wer om laitsje. Mar ferline hjerst krige ik in boek kado, dat ha'k net iens útlêzen. Sterker noch, ik wie der nei trije siden folslein op útskiten. 'Het koepelmysterie' fan Marc Jacobs en Marike Vreeker. Dat it net Frysktalich wie, hie dêr neat mei te krijen: ik lês nammers ek alles wat út Skandinavië komt en dat wurdt oant no ta net yn it Frysk oersetten. It wie de styl dy't my nekte. De earste twa siden wurde brûkt om in espressoapparaat te beskriuwen, dêrnei in side lang geleuter oer in potsje salve foar it iene as oare. Doe't ik efkes efteryn seach, en ta de konklúzje kaam dat ik noch 230 siden troch moast om oan'e ein te kommen, ha'k it boek radikaal tichtklapt. Bah, ik begryp dat jo yn literatuur styl ferkeapje moatte, mear noch as in ferhaal, mar dit wie Gjin Styl. Jim begripe, ik bin net iens oan it ferhaal takommen, ha dus ek net útfine kinnen of't it plot wat te promjen wie, ik koe it net opbringe om noch fierder te lêzen.
Fansels is dit bloch net yn it libben roppen om resinsjes te skriuwen fan in oar syn wurk, mar doe't ik fannewike itselde boek werom krige fan skoanmem, dy't oars sels it tillefoanboek ynteressant fynt, mei de wurden: 'ik bin der net trochkommen, wat in ferskrikking', doe wist ik dat it net oan my lei. Dêrom dizze warskôging: skoanmem is net fierder kaam as side 43...