Posts tonen met het label Ferdinand de Jong. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Ferdinand de Jong. Alle posts tonen

vrijdag 22 juni 2012

Keunst en Kultuer?

Sa, ik ha trij wike stil west. Dat komt fansels fan dat boek fan Ferdinand. Of om 't ik it op 't heden fleanende drok ha. In goeie blogger skriuwt alle dagen in nij blog. No dat wurdt mei my noait wat. No en dan wat, dêr moatte jim mei ta.
Folle hie ik ek net om te melden: as ik my al earne drok om makke, wiene der ek al wer mear dy 't dêr oer skreaun hiene, dus dan hat it net folle om 'e hakken en lul der ek noch efkes oer.
Mar no sit my al wat dwers.
Ik sei trije wike lyn al dat der och sa'n soad media op de boekpresintaasje fan Ferdinand ôfkommen wiene. Wol nul, om krekt te wêzen. Ús as twitterders en bloggers net meirekkene dan.
It ynteressearret it provinsjale sjoernaille blykber net in soademiter dat der in boek presinteard wurdt op in histoaryske lokaasje, dêr 't Jan mei de Pet net alle dagen komt. Teminsten, net as hy/sy skjin op 'e graat is. Wy kamen der dus al. Ha'k al sein.
Mar no sit it my nochris ekstra dwers, om 't ik alle dagen konfrontearre wurd mei gelul oer Oerol op Skylge. Hiele siden yn 'e Ljouwerter krante, hiele programma's by de Omrop. Flikkerje dochs op. Ha jim blykber al sinten oer foar soksoarte attraksjes dy 't rûnom en nergens opdûkele wurde en is it ynienen al de muoite wurdich as kultuer útlibbe wurdt op in stik strân? Oh, binne dat unike lokaasjes? Nee, dat wie it gerjochtsgebou blykber net. Dêr hiene jim ek neat te sykjen. Uteraard.

donderdag 5 april 2012

Ramsj

It giet min mei de boekhannels. Goh, âld nijs fansels. Mar no en dan falt it ekstra op. Fannewike wie ik yn Ljouwert om in boekje oer grêfpoëzy te besetten. By De Tille hiene se it net. Koene it ek net bestelle. Ik ha dêr in skoftsje yn'e winkel omdoarme en al dy tiid mar ien oare klant sjoen.
Dan mar nei de Nijstêd, by Van der Velde del. Dy winkel is noch wat grutter, faaks ek wat mear karút. Hjir wie ik hielendal allinnich. It boekje wie der net, mar koe besteld wurde en ik ha it no yn'e hûs, mar dat is efkes bysaak yn dit ferhaal.

Ik rûn by de tafels del, by de Fryske boeken, de thrillers, de 'safolstedrukmarselykjewolnij'boeken, de berneboeken, de literatuer (wêrmei't mar wer dúdlik is dat in thriller al drekt by de lektuer heart en dus útsoarte fan minder alloai is as de litewêwe wurken). Alles withoe djoer. De prizen binne echt net om'e nocht. Tweintich euro binne jo samar kwyt. Útsein de thrillers dy't foar de safolste kear drukt binne, dy dogge dan 12,50. Litte wy wol wêze; dat is noch altyd sânentweintich-en-in-heale âlderwetske gûnen. Ik hie tsien jier lyn net tinke kinnen, dat ik safolle útjaan soe oan in pocket. Berneboeken idem dito. Net te bestuiverjen. Ik mei graach in aardich boek kado dwaan as der in bern fan freonen of famylje jierdei is. Mar de brune kin it net mear lûke.

Ynienen wist ik wêrom 't ik hielendal allinnich yn dy winkel wie. It is ommers krisis. En it lidmaatskip fan 'e byb is mar in tritich euro yn it jier. Jo jouwe gjin tweintich euro foar ien boek, as jo it hiele jier mar raak liene kinne foar in tsientsje mear.

Minsken binne ek lui. Wolle net nei de winkel ride of rinne, mar wolle it boek thúsbrocht krije. Der is in ynternetwinkel dy't dêr goed saken mei docht. De boekwinkel fan Franke Atsma yn Burgum is yn aksje kommen. Bestelle by de eigen boekhannel, wat blinder, dat is it plak. De Burgumers wolle him wol yn 'e mjitte komme, mar dochs, minsken binne lui: wat je ha wolle moat op je ta fleanen komme, dêr wol men almeast net mear om rinne.
De sutelaksje is fuort. Spitich, want hoewol it sprekwurd oars seit, wurdt der oan'e doar meast wol aardich kocht. Yn'e winkel moat it ek oars. Lit de kartelhûn der mar ris op los en donderje dy fêste boekepriis oerboard. No sil ik hjir en dêr wol op in pear gefoelige teannen traapje, mar ik tink dat it wichtich is dat der boeken ferkocht wurde. Leaver twa boeken fan in tsientsje it stik, as ien fan tweintich euro. Of om myn part trije fan sân-fyftich. Dan komme de boeken wêr't se hearre: by de minsken thús.
Sutelje mar wer. Lit de priis mar sakje, gean letterlik de merk op. Of doch as Ferdinand de Jong. Mar doch wat, want wat skriuwer skriuwt no foar it depot fan 'e útjouwer?
Oh ja, ik ha thús noch planken fol mei thrillers, fan in grut ferskaat oan skriuwers. Ik ha der de folle mep foar betelle, mar dy't se ha wol jout mar lûd. Ramsj.